Thomas tredde op 1000 meter

06 nov 2004 - 17:36

Annemarie Thomas is sneon op de NK ôfstannen yn Assen tredde wurden op 'e tûzen meter. Thomas moast mear as in sekonde tajaan op nasjonaal kampioene Marianne Timmer, dy't freed ek al de 500 meter wûn.

Timmer lei de 1000 meter ôf yn 1.20'10". Allround wrâldkampioene Renate Groenewold waard twadde yn 1.21'16". Thomas wie krekt even wat stadiger en hie 1.21'49" nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)