Cramer 9de op 3000 meter

06 nov 2004 - 17:25

Wieteke Cramer ried sneon op 'e NK ôfstannen in neffens eigen sizzen 'poerminne race' op 'e 3 kilometer. Cramer waard njoggende yn 4.23'57". Gretha Smit wûn yn 4.15'56" Renate Groenewold waard twadde yn 4.15'82". Groenewold hie maklik winnen kinnen, mar waard twadde omdat se al foar de finish ynhâldde. In flater, dêr't se nei ôfrin al gau wer om laitsje koe.

Moniek Kleinsman waard 3de yn 4.20'17", Marja Vis waard 4de yn 4.20'55".

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)