Ritsma en Bousema yn aksje

06 nov 2004 - 13:22

Reedrider Rintje Ritsma en televyzjemakker Sipke Jan Bousema sille tiisdei mei in kuolboks op 'e rêch lâns in kabel fan de Euromast yn Rotterdam springe. De boks wurdt dêrnei jûn oan ûnder oare aktrise Monique van de Ven.

Mei dizze aksje iepenje de twa Friezen in kampanje fan Unicef tsjin de bernestjerte yn de wrâld. De estafette symbolisearret it paad dat de helpferlieners fan Unicef ôflizze moatte om faksins te ferfieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)