Avanti Stiens ferliest

06 nov 2004 - 10:19

Yn de earste divyzje fan it sealfuotbal is Avanti út Stiens der freed wer net yn slagge om de punten mei nei hûs te nimmen. Tsjin middenmoter FC Niumaga út it Gelderse Wijchen waard kânsleas ferlern mei 5-3.

By de rêst stie it noch 1-1. Mar nei de rêst wie der gjin hâlden mear oan. Avanti bliuwt troch dit resultaat ien nei lêste, mei 7 punten. Nije wike moatte der punten pakt wurde tsjin It Hoekje. Sy steane mei 3 punten ûnderoan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)