Sinteklaas live by Omrop Fryslân

© Omrop Fryslân
Nei't er yn Alkmaar oankommen is docht Sinteklaas op sneon 13 novimber ek Snits oan. Omrop Fryslân is op dat bysûndere momint oanwêzich en sil it barren streekrjocht útstjoere op TV. Fan 14.00 oere ôf is de yntocht en it feest dêromhinne live te folgjen.
Oan it programma wurdt meiwurker troch Advendo, de Blauhúster Dakkappel en de Bogerman Bigband. Bern dy't Sinteklaas wat freegje wolle kinne de fraach maile nei Sinteklaas@omropfryslan.nl