Gemeente en skoallen prate wer

© Omrop Fryslân
Frjentsjerteradiel en it ûnderwiis prate wer oer it ynvestearjen yn de skoalgebouwen yn de gemeente. Dat waard tongersdei dúdlik yn de gemeenteried. It oerkoepeljend bestjoer fan de skoallen stapte in moanne lyn út it oerlis. It hie gjin fertrouwen mear yn wethâlder Verhoef. Wethâlder Miedema hat de kwestje no oernommen.
It Kolleezje hat ek ekstra jild tasein en in projektgroep sil de problemen mei de húsfesting oplosse.