Van Gogh-films op Filmfestival

05 nov 2004 - 17:37

It Noordelijk Filmfestival sil nije wike ferskate films fan Theo van Gogh sjen litte op in ekstra skerm yn 'e foyer fan De Harmonie. It filmfestival docht dat as earbetoan oan de tiisdei fermoarde filmmakker. It festival hat besletten om Van Gogh's koarte film Submission oer islamityske froulju net te fertoanen op it festival.

"It giet ús om de filmmakker Van Gogh, net om syn politike stânpunten", seit festivaldirekteur Anneke van Renssen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)