Waarnimmer foar Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
Boarnsterhim krijt tydlik in nije boargemaster. Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel is mei yngong fan 1 jannewaris 2005 as waarnimmend boargemaster fan Boarnsterhim beneamd. Hy kombinearret it wurk fiif moannen.
Ype Dijkstra is no boargemaster fan Boarnsterhim, mar wurdt takom jier earste boarger yn Zeewolde. Om't it noch in skoft duorje kin foar't in nije boargemaster beneamd is, hat de provinsje foar de waarnimming keazen.