Op 'e nij yllegale netten fûn

05 nov 2004 - 14:47

It Fiskstreuperijteam fan de plysje Fryslân hat tongersdeitenacht noch 300 meter oan yllegale netten fan de Tsjûkemar helle. Woansdeitenacht waarden al twa streupers út Snits betrape by it útsetten fan snoekbearsperken. Dêrby waard 1000 meter net fûn.

It Fiskstreuperijteam fan de plysje is sûnt 2002 aktyf en bestiet út meiwurkers fan de AID, de KLPD, de plysje en it Iepenbier Ministearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)