B. en w.: boarterstunen fuort

05 nov 2004 - 12:17

De gemeente Eaststellingwerf wol ôf fan alle boarterstunen yn dy gemeente. De kosten foar it ûnderhâld oan tastellen en fersekeringen wurde de gemeente te heech. Om de boartersplakken te hâlden wol de gemeente dat de doarpsbelangen garant steane foar it ûnderhâld. Mar ôfsjoen fan Aldeberkeap wegerje alle doarpen om yn te stimmen mei dit plan.

Yn novimber mei de gemeenteried fan Eaststellingwerf sizze hoe't it no fierder moat mei de boarterstunen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)