Parkeare yn Foarstrjitte

© Omrop Fryslân
De Foarstrjitte yn Kollum moat tenei alle dagen tagonklik wêze foar auto's. In healjier waarden auto's op keapjûnen en sneontemiddeis út de winkelstrjitte keard. Dat wie in proef en dy moat net ferlingd wurde. De maatregel kostet de ûndernimmers in soad omset. Minsken komme net mear at se de auto net yn de Foarstrjitte parkeare meie.
De gemeente bepraat de kwestje tiisdei yn it Kolleezje en nimt dan in beslút oer de auto's yn de Foarstrjitte.