Aris ferliest by Eiffel Towers

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter basketballers fan Aris binne útskeakele foar de beker. Aris ferlear tongersdeitejûn yn Nijmegen de revanchewedstriid fan Eiffel Towers mei 97-92. Aris begûn min oan de wedstriid en stie mei rêst achter mei 55-39.
Yn it lêste kwart begûn Aris oan in ynhelrace, mar dat wie te let om noch te winnen. Topskoarders by Aris wiene Brandon Woudstra (28 punten), Dallas Logan (20), Lamont Randolph (15) en Justin Tatum (15).