'Diskusje yn nij Frysk Museum'

© Omrop Fryslân
Direkteur Cees van 't Veen fan it Frysk Museum wol dat it nije museum op it Saailân it toaniel wurdt fan diskusje oer keunst, kultuer en aktuele saken. Van 't Veen wol dêrom yn it nije gebou ferskate romtes dy't gaadlik binne foar sokke diskusjes. Van't Veen sei dit woansdei op it earste debat oer de takomst fan it museum.
It nije museum komt op it Saailân dat foar 118 miljoen euro op 'e nij ynrjochte wurde sil.