Pizzakoerier berôve

05 nov 2004 - 09:27

In 18-jierrige pizzakoerier út Wurdum is woansdeitejûn yn Ljouwert oerfallen troch in pear roppige manlju. De jonge woe op it Poptawei op syn bromfyts stappe doe't twa manlju út in auto stapten. Beide hiene in bivakmûtse op. Ien fan harren bedrige de pizzakoerier mei in mes en easke jild en iten.

De jonge joech inkelde tsientallen euro's en in pear pizza's. De oerfallers naaiden út yn har auto. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)