Sykaksje nei handikapte frou

© Omrop Fryslân
Yn Beetstersweach is woansdei oerenlang socht nei in ferstanlik handikapte frou. It giet om in 35-jierrige bewenster fan soarchynstelling Talant. De frou hie har oerenlang ferstoppe yn it magazyn tusken in pear kasten.
Personiel fan Talant hat oerenlang socht yn en om it wenkompleks, dat yn it bosk leit. By de sykaksje waard ek de plysje ynskeakele. Dy soe al hast in peleton ME ynsette, mar om tsien oere jûns waard de frou wer fûn.