Fryslân tekenet Sudersee-akkoart

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân sil dochs noch it bestjoersakkoart foar it Suderseespoar tekenje. Deputearre Baas krige woansdei it griene ljocht fan in mearderheid fan provinsjale steaten. Fryslân is de lêste fan de belutsen provinsjes dy't it bestjoersakkoart tekenje sil.
Foar de simmer hiene de steaten noch de nedige twivels, benammen oer de finansjele risiko's fan it projekt, dat meiinoar miljarden kostje sil. De steaten ha noch hieltyd kanttekeningen.