Nije aksje skoalbern Frjentsjer

© Omrop Fryslân
De Underwiiskoalysje Frjentsjerteradiel hat tongersdei op 'e nij aksje fierd tsjin it gemeentebestjoer. Skoalbern ha op de treppen fan it stedhûs in protestliet hearre litten. De ûnderwiisynstellings yn 'e gemeente ha te min romte. Om de húsfesting by de tiid te bringen is 14 miljoen nedich.
De gemeente stiet ûnder kuratele fan de provinsje en hat gjin jild. De polityk fan Frjentsjerteradiel praat tongersdei oer begrutting en ûnderwiishúsfesting.