Gjin nij ûndersyk nei Oldenbroek

05 nov 2004 - 08:58

Plysje en justysje hoege net heard te wurden oer it ûndersyk nei de dea fan Tom Oldenbroek fan Parregea fjouwer jier lyn. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert útsprutsen. Oldenbroek (17) kaam yn 2000 net thús nei in stapjûn en waard letter dea oantroffen by Skraard.

Neffens de plysje wie it in ûngelok, mar de mem fan it slachtoffer leaut dat net. Sy woe dêrom minsken fan plysje en justysje oproppe as tsjûgen. De rjochtbank wiist dit fersyk ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)