Soad auto-ynbraken yn Ljouwert
In grut tal auto-ynbraken ha de ôfrûne twa moanne plakfûn yn de Ljouwerter binnenstêd. Goed 140 auto's binne iepenbrutsen. De dieders ha yn de measte gefallen in fêste wurkwize: de doarren wurde iepenbrutsen by it slot of de hiele doar wurdt ombûgd oan de boppekant.
De dieders ha in foarkar foar bepaalde merken, want it binne foaral Peugeots en VW's dy't it ûntjilde moatte. De ynbraken barre foaral op jûntiid.
Trefwurden:
argyf