Moasje CU/SGP oer fiskerij
Minister Veerman fan fiskerij en de Twadde Keamer moatte gauw de problemen yn de garnalensektor oplosse. Dat stiet yn in moasje fan de ChristenUnie/SGP dy't woansdeitemiddei yntsjinne is yn Provinsjale Steaten.
De fiskers meie fan de NMa gjin priisôfspraken meitsje. De frije merkwurking sil de fiskers de kop kostje, sa tinkt CU/SGP. Minister Veerman hat yntusken tasein dat er freed mei de NMa om 'e tafel sil.
Trefwurden:
argyf