Figuranten socht foar film

© Omrop Fryslân
Foar de Fryske film 'Sportman van de Eeuw wurde figuranten socht. De rezjy is fan Mischa Alexander dy't ek it skript skreau. De haadrollen wurde spile troch Jochum ten Haaf, Ricky Koole en Bastiaan Ragas.
De earste draaidagen binne ein novimber yn Ljouwert. Foar de film wurde manlju en froulju socht dy't notabelen spylje kinne. Belangstellenden kinne har gegevens en in foto maile nei: e.swagenvoort@freeler.nl.