Wagenborg hâldt monopoalje pier

03 nov 2004 - 14:40

Rederij Wagenborg bliuwt de iennichste gebrûker fan de pier op Skiermûntseach. Yn teory soene oare frachtferfierders nachts gebrûk meitsje meie fan de oanlisplakken fan de feartsjinst, mar yn de praktyk is dat net mooglik.

Der is diskusje ûntstien oer it monopoalje dat feartsjinsten ha op de pieren om't dy betelle wurde mei mienskipsjild. De ried fan Skylge wol bygelyks wol dat ek oare bedriuwen oanlizze kinne moatte by de pier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)