Betelje foar stoart is suksesfol

03 nov 2004 - 11:16

De proef mei in taryfsysteem op it stoart Lutkepost by Bûtenpost rint goed. It besparret de gemeente 115.000 euro. Troch de betellingsregeling is der minder ôffal nei it terrein brocht.

It systeem is dit jier ynfierd. Sûnt dy tiid is it tal besikers mei 70 prosint ôfnaam. De ôffalberch nimt op jierbasis mei goed 4200 ton ôf. In part fan it ôffal ferdwynt yn de minykontainers. Der binne net mear yllegale stoartplakken yn de gemeente bykommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)