Warskôging foar Islamhaat

03 nov 2004 - 10:16

De moard op filmmakker Theo van Gogh kin de ferhâldings yn de maatskippij wolris ûnder druk sette. Dêrfoar warskôget Corry Nicolay fan Platfoarm Libbensbeskôging yn Kleurryk Fryslân.

De dieder is in Amsterdammer fan Marokkaanske komôf. De moard soe mooglik ferbân hâlde mei Van Gogh's krityske film Submission oer de islam. De makker waard dêrnei ferskate kearen bedrige. Nicolay hopet net dat der no in haat ûntstiet tsjin Moslims.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)