Banen sykje foar kânsearmen

03 nov 2004 - 09:51

De gemeenten Dongeradiel en Dantumadiel wolle yn in pear jier tiid tûzen kânsleazen oan wurk helpe. Earder gie it omtinken benammen út nei de kânsrike gefallen. Fanwege nije wetjouwing giet it roer no om.

Trije bedriuwen sille de gemeenten helpe. Ien dêrfan is sosjaal wurkplak Oostergo yn Dokkum. Sy helpe ek minsken oan in baan. De kânsearmen kinne bygelyks oan de slach by in bedriuw dat printcartridges fult.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)