Portretten fan Fryske skriuwers
Goed santich Fryske skriuwers binne portrettearre troch keunstfotograaf Jan Kalma. Tresoar yn Ljouwert joech de opdracht ta de foto's. Tresoar hat by de seleksje de klam lein op skriuwers dy't benammen de lêste tsien jier yn it literêre fjild warber wiene, en op jeugd- en berneboekeskriuwers.
Nei de eksposysje (oant 20 novimber te sjen) komme de portretten op de webside fan Tresoar. De útstalling heart by de iepeningsmanifestaasje Tresoar pakt út.
Trefwurden:
argyf