Bedriuw Noord yn Ljouwert fallyt

03 nov 2004 - 09:45

De boubedriuwen Noord yn Ljouwert en Oost yn Winschoten gean fallyt. De fakbûnen ha it fallissemint oanfrege en de bedriuwen akseptearje dat. Dat hat mearderheidsoandielhalder Brander sein. Fjirtich minsken ferlieze har baan.

De boubedriuwen binne ûntstien út oannimmersbedriuw Westerbaan yn Ljouwert. Dy gie ein 2002 fallyt. Neffens Brander hat de kurator safolle jild oan de skuldeaskers jûn, dat Noord en Oost gjin oerlibbingskâns hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)