AH yn Ljouwert krijt priis

02 nov 2004 - 17:33
Foto: Omrop Fryslân

De supermerk fan Albert Heijn oan de Tynjedyk yn Ljouwert hat tiisdei in priis krigen: de EKO-meter 2004. Mei 224 biologyske produkten yn de winkel is de supermerk de bêste fan Ljouwert. EKO-tellers fan it miljeuplatfoarm Ljouwert en Miljeudefinsje ha dat útsocht.

By de EKO-meter heart in ûnderskieding. Dy is oerlange oan de bedriuwslieder fan de supermerk oan de Tynjedyk.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)