'Waadakademy is jildfergriemen'

02 nov 2004 - 15:39

In Waadakademy is jildfergriemerij. Dat seit Grinslanner CDA-deputearre Bleker. It regear hat in plan foar sa'n akademy dêr't wittenskiplik ûndersyk dien wurde moat nei de Waadsee. De akademy soe neffens Den Haach yn Ljouwert komme moatte en der soe jierliks 10 miljoen euro wêze moatte om ûndersyk te dwaan.

Bleker fynt it fergriemen fan oerheidsjild. Neffens him kin it jild better bestege wurde oan de praktyske problemen yn it waadgebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)