140 minsken foar tydlike opfang

02 nov 2004 - 10:01

It sintraal orgaan opfang asylsikers hat al 140 gadingmakkers fûn foar in plakje yn it earste offisjele tydlike ûnderdaksintrum yn Ljouwert. Dat hat it COA moandei bekind makke. It sintrum yn it eardere azc Burmania by de fleanbasis giet tiisdei iepen.

Underdaksintrum Burmania hat romte foar 200 minsken en is bedoeld foar útprosedearre asylsikers, dy't net gau werom kinne nei it lân dêr't se wei komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)