Jong Hearrenfean - NAC: 2 - 0

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean wûn moandeitejûn fan Jong NAC mei 2-0. Op Skoatterwâld wie de ploech fan trener Henk Herder dúdlik better, mar it meitsjen fan goals wie in toer. Georgios Samaras yn 'e earste helte en Jos Hooiveld mei in strafskip yn it twadde bedriuw makken de goals.
By Jong Hearrenfean spilen ûnder oaren Youssouf Hersi, Daniel Berg Hestad, Michel Breuer en Juri Rose mei. Yn 'e beloftekompetysje bliuwt Jong Ajax koprinner, Jong Hearrenfean stiet 6de.