Cambuur ferliest fan VVV

© Omrop Fryslân
Cambuur ferlear moandeitejûn mei 0-1 fan VVV en dat betsjut dat de Limburgers de earste perioade wûn ha. Yn 'e 81ste minút skoarde John van Loenhout de winnende goal út in frije traap. En dat wie eins ek de iennichste echte kâns dy't VVV krige yn de ynhelwedstriid. Cambuur dominearde, mar koe gjin goals meitsje.
Ynfaller Ruben Schaken miste yn 'e twadde helte in grutte kâns foar de Ljouwerters.