Asylsykster dea troch skuld?
It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert behannelet de saak fan in ferstoarne asylsykster foarearst net. It IM wol earst de útspraak fan it Medysk Tichtkolleezje ôfwachtsje, dêr't de klacht ek dellein is.
De frou (41) ferstoar twa jier ferlyn oan boarstkanker. Neffens har man kaam dat troch minne medyske soarch. Hy hâldt fjouwer húsdokters en fjouwer ferpleechkundigen fan it azc Appelskea dêrfoar ferantwurdlik.
Trefwurden:
argyf