'Barney' wint dartkampioenskip

01 nov 2004 - 15:23

Op it Frysk kampioenskip darten is snein in rekôr tal dielnimmers ôfkaam. De organisaasje rekkene op sa'n 800 dielnimmers, mar nei it sluten fan de ynskriuwing blykten der 1300 minsken mei te dwaan oan it kampioenskip.

Yn it Abe Lenstrastadion yn Hearrenfean lizze hûndert dartbanen om de wedstriden te spyljen. Sawat de hiele Nederlânske top is oanwêzich, lykas Raymond van Barneveldt, Frances Hoenselaar en de Fryske favoryt Hofstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)