Wer mysterieuze terpentinelucht

© Omrop Fryslân
Nei Bakhuzen ferline wike kaam dit wykein ek út Snits in melding oer in sterke terpentinelucht. Dat wie yn in wente oan de Age Pierstrjitte. Brânwacht, gemeente en in ambulânse moasten yn aksje komme. Nei mjitting die bliken dat der gjin gefaar wie.
De bewenners hawwe de ruten en doarren iepenset, wylst de brânwacht it rioel trochspielde. De lucht sloech de minsken op de stim en se koene dreech prate. De oarsaak is noch ûnbekend.