Achter de skermen by Tresoar

01 nov 2004 - 12:45

De iepen dagen by Tresoar yn Ljouwert hawwe dit wykein 3400 besikers lutsen. Topper wie de útstalling 'Skatten'. Fierders woene in protte minsken wolris yn it magazyn fan 'e Provinsjale Biblioteek sjen. Oars it dat foar besikers ferbean terrein. Tresoar giet no de provinsje yn mei in bus. Yn it ramt fan 'De Wike fan de Skiednis' giet de bus njoggen plakken yn de provinsje bydel. Moandei binne se yn Jutryp en De Hommerts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)