Man stoarn nei fal

01 nov 2004 - 12:02

In 62-jierrige ynwenner fan Easterwâlde is yn de nacht fan sneon op snein stoarn, nei in ûngemak yn syn eigen hûs. De man is wierskynlik fan de souder op de earste ferdjipping fallen.

De man wie by it ûngemak allinnich thús. Sneon waard er earnstich ferwûne fûn yn syn hûs. It slachtoffer is mei de helikopter nei it sikehûs fan Grins ta brocht, dêr't er yn de nacht stoarn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)