Aksje behâld fan griis kenteken

31 okt 2004 - 13:45

Eigners fan auto's mei grize kentekens hawwe sneon protestearre yn Den Haach. Fanút Fryslân setten der tsientallen auto's ôf, mei in gonkje fan 80 km yn de oere. Sa woene de bestjoerders protestearje tsjin it kabinetsbelied.

Partikulieren meie fan 1 jannewaris ôf net mear mei in griis kenteken ride. De auto's wurde minder wurdich en de eigners binne folle mear kwyt oan wegebelesting. De aksjefierders wolle in oergongsregeling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)