Ferstanlik handikapten yn Ringo

© Omrop Fryslân
Ferstanlik handicapten koene harren freed útlibje op in dûnsjûn yn Bar-Dancing De Ringo yn Feankleaster. De jûn waard op tou set troch in freoneploech fan De Triemen. Der wiene spesjale optredens fan Gryt - Frysk Hynder - Wiersma en Rommy-soan Tjeerd.
Sawat 150 ferstanlik handikapten kamen op de dûnsjûn ôf. Elkenien waard fergees ophelle en wer nei hûs ta brocht.