Sealfuotbal: It Fean ferliest

30 okt 2004 - 16:48

De sealfuotballers fan It Hearrenfean ferlearen freed fan de Leekster Eagles mei 11-6. De earste helte einige mei in 3-2 foarsprong foar It Hearrefean troch trije goals fan Dennis Jansen.

Yn de twadde helte joech de yndividuele klasse fan de De Like-spilers de trochslach. Bynammen Harry Zwiers spile net swak by. Nei 4-4 rûnen de Eagles út nei 7-4. Geert Hiddink brocht noch eefkes de spanning deryn, mar doe wie it dien mei It Hearrefean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)