Iepen dagen by Tresoar
Nei't dizze wike it fernijde kompleks fan Tresoar offisjeel iepene waard, wiene der ôfrûne wykein iepen dagen foar publyk. En dêr wie in soad belangstelling foar. Yn Tresoar binne it Ryksargyf, de Provinsjale bibleteek en it Frysk letterkundich museum en dokumintaasje-sinstrum ûnderbrocht.
Tresoar hopet mei de nije útstraling foar in noch grutter publyk tagonklik te wurden. Snein binne de doarren fan Tresoar yn Ljouwert ek noch iepen.
Trefwurden:
argyf