'Kanalen provinsjaal beheare'

© Omrop Fryslân
It behear fan it Prinses Margrietkanaal en it Van Harinxmakanaal moat by de provinsje bliuwe. Deputearre Steaten is it net iens mei in advys dat in stjoergroep dêroer oan it kabinet útbrocht hat.
It jild foar alle kanalen soe tenei yn ien grutte lanlike pot komme moatte. Fryslân is benaud dat der dan folle minder jild foar de Fryske farwegen beskikber is as no. Jierren lyn is krekt keazen foar provinsjaal behear.