Gjin trije punten foar Avanti
Sealfuotbal-earsteklasser Avanti slagge der opnij net yn om de folle trije punten yn Stiens te hâlden. Yn de wedstriid tsjin Dynamo Lelystêd apilen se mei 5-5 gelyk.
De Stienzers liken de punten yn de tas te hawwen doe't se yn de lêste minút op in 5-4 foarsprong kamen. Mar Dynamo slagge der dyselde minút dochs noch yn om op gelikense hichte te kommen. Troch it gelykspul bliuwt Avanti ien nei lêste yn it klassemint.
Trefwurden:
argyf