Plysje rôlet drugshannel op

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan fjouwer manlju hat de plysje in grutte drugshannel en tolve ynbraken oplost. In 20-jierrige man fan It Hearrenfean en in man (23) út Nijmegen waarden dizze wike oppakt. De Feanster soe it ôfrûne jier yn syn wenplak yn heroïne en kokaïne hannele ha. By in hússiking waarden acht boltsjes kokaïne en fiif boltsjes heroïne fûn.
De man út Nijmegen is oerdroegen oan de Frjemdlingeplysje om't er yllegaal is.