Try-out teater-Kameleon giet oer

© Omrop Fryslân
De earste try-out teaterfoarstelling fan 'De Kameleon Ontvoerd' kommende sneon op de Gordyk giet net troch. Haadrolspiler Ron Boszhard is siik en dêrom wurdt de foarstelling ferpleatst nei 16 jannewaris.
Boszhard hat lêst fan de stim. Boppedat is er by de repetysje ferwûne rekke doe't tsjinspylster Babette van Veen him wat te echt tsjin de grûn sloech. De organisaasje fynt Boszhard sa unyk dat der gjin ferfanger foar him is.