Vaatstra-tsjûge yn Ingelân heard

30 okt 2004 - 00:00

De Afgaan dy't earder fertocht waard fan de moard op Marianne Vaatstra mei troch Fryske resjersjeurs heard wurde. De Britse autoriteiten hawwe dêr nei mear as in jier tastimming foar jûn.

De man meldde him ferline septimber by de Britse plysje, nei in ynternasjonaal opspoaringsbefel. De Afgaan wenne op it stuit fan de Vaatstra-moard yn it azc Kollum. In DNA-test pleitte him frij, mar de Fryske plysje wol him no hearre as tsjûge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)