Blomlêzing nije Fryske dichters

29 okt 2004 - 18:37

De blomlêzing Droom in blauwe regenjas is tongersdei yn De Harmonie yn Ljouwert presintearre. It boek mei wurk fan nije Fryske dichters is gearstald troch Tsead Bruinja en Hein Jaap Hilarides. It earste eksimplaar fan de bondel waard útrikt oan Teake Oppewal en Pier Boorsma, gearstallers fan de Spiegel van de Friese poëzie út 1994.

Op de jûn wienen filmkes fan de dichters te sjen en sa'n 20 dichters liezen foar út eigen wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)