Stikkene bushokjes dochs meitsje

© Omrop Fryslân
Fernielde bushokjes yn Dongeradiel wurde dochs repareard. Wethâlder Oosterhof hie earder ûnder mear by Omrop Fryslân sein dat stikkene ruten yn 'e abri's net mear fergongen wurde, om't se te faak yngoaid wurde.
Mar wethâlder Boorsma sprekt dat no tsjin. De gemeente is boppedat yn ûnderhanneling mei in bedriuw dat de bushokjes oernimme wol. Dat bedriuw wol de bushokjes foarsjen fan reklame.