Ekstra besunigingen Dongeradiel

29 okt 2004 - 12:30

De gemeente Dongeradiel besuniget struktureel 1,7 miljoen euro en ienmalich nochris mear as sân euroton. Dat makke de gemeente bekend by de presintaasje fan de begrutting foar 2005 en de mearjierrenbegrutting.

De besunigings binne nedich om't de gemeente folle minder jild fan it Ryk krijt dan ferwachte. De ûnreplik guod belesting giet mei mear as njoggen prosint omheech en dat smyt trije euroton ekstra op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)