Mooglik 'Kulturhus' yn Sint Nyk

29 okt 2004 - 12:23

It earste 'Kulturhus' fan Fryslân komt mooglik yn Sint Nyk te stean. Dit multyfunksjonele sintrum nei Skandinavysk foarbyld makket diel út fan de plannen foar it terrein fan it âld suvelfabryk yn it doarp, de Takomst.

It âld-fabryk wurdt heal novimber sloopt. It kolleezje fan B&W wolle dêr no mear rûmte jaan foar wenjen yn kombinaasje mei soarch yn in Kulturhus. Dêrby leit de klam op gearwurking tusken de tsjinstferlieners yn it gebou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)